Lotting 6e Jong Famme Partij

Woansdei hat de lotting plak fûn foar de 6e Jong Famme Partij.

Op it terras fan Multifunctioneelsintrum de Wjukken wie it de haadsponsor fan de Jong Famme Partij, Wilco Fopma fan Grondnet, dy’t de lotsjes luts. Under it tasjend each fan under oare skiedsrjochter Braaksma ha we in moaie list foar sneon bij elkoar lotte. Mantgum mei it yn de earste omloop opnimme tsjin Minnertsgea. De winnaar fan dizze partij mei it op de 2e list opnimme tsjin Ie. Ie hat in steand nûmer op de earste list. Yn de earste omloop binne it noch net de favoriete petoeren dy’t it tsjin elkoar opnimme moatte. Foar de folsleine lotting klik op ûndersteande link. List 6e Jong Famme Partij

Geplaatst op 01 July 2009